BLAU FAN DAGEN

Hasto gjin wurden mear om wat te sizzen
gjin leafste om ticht by te lizzen
wurde dyn nachten lang en kâld
betink dan dat ik fan dy hâld.

Hasto gjin freonen mear om mei te drinken
gjin libbenslok om op te klinken
fielsto dy âlder as de wrâld
betink dan dat ik fan dy hâld.

refrein:
Kom leave sjoch, de loft is blau,
de loft is blau fan dagen,
de himel sa tichtby, sa wiid.
Do stiest hjir njonken my
do fregest neat
en nee, ik stel gjin fragen
wy ha de tiid.
De loft is ommers
blau, sa blau fan dagen
kom fiel dy frij, it tij dat keart.

Hasto gjin stjoer mear oer dyn eigen libben
en plan noch doel om nei te stribjen
binne dyn soargen tûzenfâld
betink dan dat ik fan dy hâld.

Hasto gjin inkel each mear foar de sinne
gjin paad om fierder op te rinnen
kearsto dy ôf út selsbehâld
betink dan dat ik fan dy hâld.

refrein:
Kom leave sjoch, de loft is blau,
de loft is blau fan dagen,
de himel sa tichtby, sa wiid.
Do stiest hjir njonken my
do fregest neat
en nee, ik stel gjin fragen
wy ha de tiid.
De loft is ommers
blau, sa blau fan dagen
kom fiel dy frij, it tij dat keart.

BAUKJE WYTSMA
 
Facebook!

facebookyou-tubetwitter

          Herman Woltman | gsm 06 835 99 121 | herman@souldada.nl