DOWEN FAN DARLING
Yn de lelyblanke tunen fan Súd Afrika
wize de beammen nei in wolkenleaze loft,
it fûgelt yn de blêden, gjin minske kin it keare,
it tsjettert en it tsjottert, it libben hâldt gjin skoft.
refrein:
Hoopfol sjonge dêr de dowen in fladderliet fan frede,
wjokken rikke nei de himel, alles liket ljocht en licht.
O de dowen fan Darling , o de dowen fan Darling
hark, sy sjonge har de longen út it liif...
mar de poarten fan de tunen,
de lelyblanke tunen,
de poarten fan de tunen bliuwe ticht.

En dêr bûten boartsje berntsjes dy't gjin takomst ha
ûnder persiis deselde wolkenleaze loft,
mei swartfluwielen eagen, finzen yn in wrede leagen,
fan ûnrjocht en fan earmoed, in útsichtleas gefjocht.

Wa slacht noch op 'e tromme yn Súd Afrika
wa fynt it paad noch yn dit bange labyrinth,
by't opgean fan de sinne , sil elk syn paad wer rinne
oant op in dei, as yn in dream, in oare wei begjint.
refrein:
Hoopfol sjonge dêr de dowen in fladderliet fan frede,
wjokken rikke nei de himel, alles liket ljocht en licht.
O de dowen fan Darling , o de dowen fan Darling
hark, sy sjonge har de longen út it liif...
mar de poarten fan de tunen,
de lelyblanke tunen,
de poarten fan de tunen bliuwe ticht.

BAUKJE WYTSMA
 
Facebook!

facebookyou-tubetwitter

          Herman Woltman | gsm 06 835 99 121 | herman@souldada.nl