Is dit kryst?

It is op in moandei. We stean op wyt sân fan ien oarlogsgebied.
Mei hûzen fan plestik. De rein op de grûn. Neat oars as ferlies.
(Fjouwer eagen sjogge wat nijs. Twa jonkjes út it paradys.)

Se hawwe gjin toarst, mar sjogge ûs toms en fine gelok.
Se hawwe gjin winsken, de sinne dy baarnt, in hûn yn de sûs.
Fjouwer eagen laitsje nei ús, twa jonkjes sa fier fan hûs

Sa wyt, sa kâld, sa wiet, Is dit kryst?
Sa wyt, sa kâld, sa wiet, Is dit kryst?

't Folk wurd noch drokker en wy spylje mei soul, de minsken binn' bliid
De bern wolle sjonge, sy springe op en del en dûnsje foar ús.
Tûzen eagen flonkerjend ljocht. Famkes en jonkjes sjonge oprjocht.

We ride nar hûs ta en ik sykje opnij de twa lytse bern.
Mar ik kin se net fine. De gaos bliuwt oer. In lyts skildery.
Fjouwer eagen út Súd Afrika. Twa mantjes, gjin nammen bekend.

Sa wyt, sa kâld, sa wiet, is dit kryst?
Sa wyt, sa kâld, sa wiet, is dit kryst?

Is dit kryst?
 
Facebook!

facebookyou-tubetwitter

          Herman Woltman | gsm 06 835 99 121 | herman@souldada.nl