Salsabern

De sinne yn dyn eagen ferwaarmet de wyn,
wy rinne lâns de fiver hinn’ en wer.
Bôle foar de fûgels, krûmels foar de hûn,
it byld wjerspegelet yn sêftgrien ljocht.

Do, do bist der altyd by,
dûnsje op it ritme, it ritme fan de dei.
Do, do sjong in liet foar my,
eigenwiis, baldadich, libje, fiel dy frij!

Wy ha deselde maten, Poeh Bear en Ijoar,
de wrâld is goed yn leaf lyts mearkelân.
Wy sill’ gjin tiid fergrieme,
want tiid rint as it spoar,
it glidet troch ús fingers as los sân.

Do, do bist der altyd by,
dûnsje op it ritme, it ritme fan de dei.
Do, do sjong dyn liet foar my,
eigenwiis, baldadich, libje, fiel dy frij!

Salsabern, Salsabern, lit ús laitsje, dûnsje.
Salsabern, Salsabern, as yn in boarterstún.
Salsabern, Salsabern, lit ús wille meitsje.
Salsabern, Salsabern, oant yn de lette jûn.

Do, do bist der altyd by,
dûnsje op it ritme, it ritme fan de dei.
Do, do sjong dyn liet foar my,
eigenwiis, baldadich, libje, fiel dy frij!
Do, do bist der altyd by,
dûnsje op it ritme, it ritme fan de dei.
Do, do sjong dyn liet foar my,
eigenwiis, baldadich, be gjin mar wer op nij.

 
Facebook!

facebookyou-tubetwitter

          Herman Woltman | gsm 06 835 99 121 | herman@souldada.nl